Jeroen van Merwijk - Ik leau (Ik geloof) (Friese vertaling Jelle van der Meulen)
Ik leau yn fûl tsjin bierkaaien fjochtsje
Yn ‘it sil heve!’ en yn ‘it giet oan!’
En ik leau yn foar immen it paad sljochtsje
Yn de stipe yn 'e rêch en yn de helpende hân
Ik leau yn it brekbere, lytse, warleaze
Ik leau yn it libjen yn in oare wrâld
En ik leau yn meitsje it krease noch kreaser
Yn it struien fan twivel en yn in wûne wat sâlt
En ik leau yn dwers troch alles hinne bedimme
Dus leau ik yn sport en leau ik yn buorterij
Ik leau net yn ôfskowe mar yn op jin nimme
En yn it hert dat immen útstoart bij mij
En ik leau yn de stien yn it wetter dat stilstiet
Ik leau yn aventoeren yn ‘e frije natuer
Ik leau yn ferbylding, ik leau yn in liet
en yn skilderkeunst en yn literatuer
En ek al sizze de lju da’k healwiis bin en blyn
Leau ik dat alles ea sa kreas wurdt as it heart
mei de moed fan ‘e wanhoop en altyd tsjin de wyn yn
bliuw ik leauwe, want oars kin it net
Ik leau yn ambysje en yntuysje
En ik leau yn it soargenbern mei syn fertriet
Ik leau yn de takomst en yn de tradysje
Yn de man of de frou dy 't de striid oangiet
En ek al sizze de lju da’k healwiis bin en blyn
Leau ik dat alles ea sa kreas wurdt as it heart
mei de moed fan ‘e wanhoop en altyd tsjin de wyn yn
bliuw ik leauwe, want oars kin it net
En ik leau yn singelier, ik leau yn bysûnder
Ik leau yn balstjurrich en yn tsjin de tried
En ik leau yn it riedsel, ik leau yn 't wûnder
Ik leau yn begrutsjen en yn in goede died
En ek al sizze de lju da’k healwiis bin en blyn
Leau ik dat alles ea sa kreas wurdt as it heart
mei de moed fan ‘e wanhoop en altyd tsjin de wyn yn
bliuw ik leauwe, want oars kin it net
bliuw ik mar leauwe, want oars kin ik net
bliuw ik mar leauwe, want oars wol ik net